Ynformateurs troch as formateurs: “Trochpakke”

08-05-2026 BALK – De opdrachtjouwers fan FNP en CDA hawwe Sjoerd Groenhof en Harry van der Molen frege om harren wurk fuort te setten as formateurs ûnder de titel “Trochpakke”. Nei de ynformaasjefaze, dêr’t sy petearen fierd hawwe mei alle partijen en in advys útbrocht hawwe oer in mooglike koälysje, is no de folgjende stap yn it formaasjeproses set.

De formateurs krije de opdracht om de ûnderhannelingen tusken de beoogde koälysjepartijen ôf te rûnjen en te kommen ta in koälysjeakkoart op haadlinen, mei dúdlike prioriteiten foar de kommende riedsperioade en romte foar de ried. 

Dêrby steane stabiliteit en keuzes sintraal yn oparbeidzjen mei de opposysje. Ek wurdt harren frege om in foarstel te dwaan foar de gearstalling fan it kolleezje, ynklusyf de ferdieling fan portefeuilles. De formateurs sille harren wurk ôfslute mei in einferslach.